El Liedro WDV hie ôfrûne sneon wer in manmachtige seleksje byinoar garre, dat it fertrouen nei it lykspul fan in wike earder wie grut. FVC 2 (De Friesche Voetbalclub) wie op in goed te bespyljen keunstmatte de tsjinstanner. No stie FVC ek net al te heech op de ranglist dat wy tochten dat der wat te heljen wêze koe. Mar krekt sa as oare sneinsferieningen yn dit jier; Frisia en Sparta Deinum wurd dizze kompetysje – alteast sa prate ús analisten dêroer – brûkt as in nije start-up foar transysje fan sneins nei sneonsfuotbal en treffe wy faaks ploechen dy’t krekt wat better binne om mar ris in understatement fan stâl te heljen. No hiene wy mei Geart, Hendrik en Marten fan it twadde ek in trijetal sterkhâlders mei en koenen wy fuotbaljend yn de earste helft goed party jaan. Feike Jochum gie der nei in kwartierke alwer út omdat basisspiler Tsjerk Neil wat opûnthâld ûnderfûn krekt foar de wedstryd. “Wat mei nuvere plakken yn it broekje en it ûntbrekken fan skytpapier op it húske” sa ferwurde Tsjerk it foarfal. Minnertsgea krige seker wol wat kânskes yn it earste part, kopbaltsje fan Marten mei te min gong en in hânfol sjitkânsen foar Hendrik en Marten dy’t spitig genôch neist of oer gienen. FVC gie better mei de kânsen om en harren spits makke nei 20 minuten spyljen de 1-0; in strakke skower yn de hoeke en gjin kâns foar goalie Jacob. Foar de thee makke FVC ek noch de 2-0. Dêr koe Minnertsgea neat tsjinoerstelle en sa bleaun de hatelike nul op it skoreboerd stean. Nei de rêst wat nije spilers yn de arena; Meint, Klaas, Feike Jochum en Roberto. Kobus koe net mear – lêst fan de hammies nei 3 kwartier en in lange autorit út it suden fan it lân – en Tsjerk, Gerrit en Willem sels efkes oan’ e kant. Minnertsgea woe en koe wol nei foarren ta fuotbalje, mar de earste, beste oanfal fan FVC betsjutte nei in minuut of 5 al de 3-0. Doe’t de Liwwarders justjes letter de 4-0 oantekenden – Jacob ferslein dy’t wat te fier foar de goal stie en in prachtdoelpunt fan ôf 40 meter yn’e boppehoeke – wie it wol klear mei it útsicht op in resultaat. Dochs krige de pompeblêd-brigade út Minnertsgea harren goal nei in moaie oansnijde frije traap fan Klaas W (eks-trainer) dy’t Feike Jochem hearlik binnenknikte by de twadde peal (4-1). Geart soarche mei syn aksjes fanôf rjochts foar oanfallende ympulsen, mar it wienen steeds de Ljouwerters dy’t mei harren flugge omskeakeling gefaarlik foar de Minnertsgeaster goal ferskynden en út de kânsen dy’t se krigen ek noch trije keer rekke skeaten. Sa waard it dochs noch in eklatante oerwinning foar FVC 2; 7-1.

Nei ôfrin noch in noflike neisit yn in hearlik ferwaarmde box mei 3 pûden Oaljebollen fan ús gastheren, bier fan Konaxx (Tip/top) en in grutte pûde poedersûker dêr’t mannich nachtapotheker jaloersk op wêze soe. Nei noch wat ynteressant en opportunystysk vastgoedspeculatie yn de kantine gie elts om kertier oer fiven wer it tsjuster yn. In yllúzje earmer mar in erfaring riker. Eltsenien dy’t ús tredde in waarm hert tadraagt: Noflike dagen tawinske en bliuw sûn!!  FVC 2 – Minnertsgea 3, einstân 7-1.

Klaas W